Skipfeartferkear moat tinke om obstakel yn Van Harinxmakanaal by Ljouwert

19 feb 2020 - 17:52

Skipfeartferkear yn it Van Harinxmakanaal wurdt frege by Ljouwert rekken te hâlden mei in obstakel yn it wetter. De skippen wurde advisearre by de súdlike wâlskânt del te farren.

Foto: Google Street View

Provinsjale Wettersteat ûndersiket wat der krekt yn it wetter leit. Seker is dat it obstakel ûnder wetter leit.

In skip wie der tsjinoan fearn en hie dêr melding fan dien.

(advertinsje)
(advertinsje)