Ynhâld konteners OOCL Rauma oanspield op Deensk Waadeilân

19 feb 2020 - 17:05

De ynhâld fan de konteners dy't it skip OOCL Rauma ferlern hat, is woansdeitemoarn oanspield op it Deenske Waadeilân Fanø. Sa stiet te lêzen op de Facebookpagina fan Ren Strand Fanø.

OOCL Rauma - Foto: Shutterstock.com

Foar it measte is der papier oanspield yn Denemarken. De strannen op Fanø lizze oer in lingte fan in pear kilometer fol mei stikken en mei rollen papier.

Rykswettersteat hat de eigener fan it skip oanspraaklik steld foar kosten fan de berging en it oprêden. Oft Denemarken al kontakt hân hat mei de reder en dy ek al oanspraaklik steld hat, is noch net bekend.

It skip ferlear ferline wike sân konteners boppe It Amelân en it Skylge. Yn dy konteners siet papier, karton en molkpoeier. It is ûnbekend oft dy molkpoeier ferpakt wie yn plestik ferpakkingen of balen.

(advertinsje)
(advertinsje)