Bosschaart en Van der Vlag ek takom seizoen by Cambuur

19 feb 2020 - 17:05

Assistint-trainer Pascal Bosschaart en keeperstrainer Peter van der Vlag binne ek takom seizoen aktyf by SC Cambuur. De Ljouwerter klup hie al in opsje yn it kontrakt fan de twa manlju te stean. Se lizze no fêst oant de simmer fan 2021.

De technyske stêf fan Cambuur - Foto: www.orange-pictures.nl

Bosschaart en Van der Vlag binne beide dwaande oan harren earste seizoen yn de technyske stêf fan Cambuur. Bosschaart siet dêrfoar by IJsselmeervogels. Dêr wurke er gear mei Sandor van der Heide, dy't assistint-trainer is by Cambuur.

Van der Vlag wie tusken 2004 en 2009 keeper by de Ljouwerters. Ferline jier sleat er syn keeperskarriêre ôf by FC Emmen.

Barto en Boonstra ek langer, is de bedoeling

"Samen met Henk hebben we de technische staf zorgvuldig samengesteld en eigenlijk is er van alle kanten niets dan tevredenheid over de werkwijze en resultaten", seit technysk manager Foeke Booy. Hy wol de ôfrinnende kontrakten fan assistint-trainer Martijn Barto en fysyk trainer Nicky Boonstra ek ferlingje.

(advertinsje)
(advertinsje)