Undúdlikens oer takomst wittenskipsblêd 'It Beaken' fan de Fryske Akademy

Der is ûndúdlikens oer de takomst fan it wittenskiplik tydskrift It Beaken fan de Fryske Akademy. It blêd dat al sûnt 1938 bestiet soe mooglik nei 81 jiergongen ophâlde moatte. Dat seit alteast einredakteur Beart Oosterhaven. Direkteur Willem Smink ûntkent lykwols it ferdwinen fan it blêd, mar jout wol oan dat sjoen wurdt nei hoe't it mooglik oars oanpakt wurde kin as no.
It Beaken © Fryske Akademy
It tydskrift hat oandacht foar de Fryske skiednis, taal en letterkunde. It Beaken is in poadium foar wittenskippers, dy't de resultaten fan harren ûndersiken dêryn mei artikels publisearje kinne. Dat wurdt dien yn meardere talen en der kamen ek geregeld temanûmers út nei in kongres of sympoasium. Yn 2018 koe de redaksje it jubileum fan de 80e jiergong noch fiere.

Takomst publikaasjes

Einredakteur Beart Oosterhaven seit yn it Friesch Dagblad dat der simpelwei besunige wurde moat en dat dêrom it blêd en syn eigen funksje ferfalle. Direkteur Smink ûntkent it ferdwinen fan it blêd en seit dat der noch gjin beslút nommen is oer de takomst fan de publikaasjes fan de Fryske Akademy.
De Fryske Akademy makket njonken It Beaken ek it wittenskiplik jierboek De Vrije Fries mei it Koninklijk Fries Genootschap.