Heger berop tsjin âld-Steatelid Buisman: opnij wurkstraf easke

19 feb 2020 - 15:54

Tsjin âld-PVV-Steatelid Pieter Buisman út Beetstersweach is woansdei yn heger berop opnij in wurkstraf easke foar fertsjustering fan provinsjale subsydzje. De advokaat-generaal easke in wurkstraf fan 120 oeren. Dy straf waard begjin 2017 ek al by de rjochtbank easke, mar yn heger berop komt dêr noch ris in selstraf ûnder betingst fan fjouwer moannen by, mei in proeftiid fan twa jier.

It gerjochtshof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De provinsje die oanjefte tsjin Buisman, omdat hy yn 2014 jild oermakke hie nei syn eigen rekken. Dat jild wie bedoeld as fergoeding foar fraksjepersoniel. Buisman hie him doe al ôfskieden fan de PVV, nei de minder-Marokkanen-útspraken fan Geert Wilders.

Buisman seit sels dat er wol op syk wie nei in fraksjemeiwurker, mar dat it net slagge om immen te finen. Dêrom hie er sels dy taken op him nommen. Hy wegere dêrom ek om de sinten werom te beteljen.

De bestjoersrjochter hat earder al bepaald dat Buisman it jild - goed 17.000 euro - werombetelje moat. Neffens de offisier fan justysje is dat noch hieltyd net bard.

Negative publisiteit

By de rjochtbank krige Buisman earder allinnich in wurkstraf ûnder betingst oplein, ûnder oare omdat er in soad negative publisiteit krigen hie. It Iepenbier Ministearje wie it dêr net mei iens. Buisman sels gong yn berop tsjin it eardere fonnis fan de rjochtbank.

It gerjochtshôf docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)