Grûnkaarten Noardeast-Fryslân en Dantumadiel oanfolle mei PFAS-ynformaasje

19 feb 2020 - 15:47

Ynwenners fan fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel kinne tenei makliker neigean oft der op bepaalde plakken grûn fuorthelle wurde mei of net. Beide gemeenten hawwe harren grûnkwaliteitskaarten oanfolle mei ynformaasje oer PFAS. Dat binne de stoffen dêr't sûnt ferline jier in soad om te dwaan is, om't se skealik binne foar de sûnens.

Grondverzetviewer Fryslân - Foto: Grondverzetviewer Fryslân

Sûnt 1 oktober moat der earst in PFAS-beoardieling komme, foardat der grûn ôfgroeven wurde mei of foardat in stik grûn ophege wurde mei. Dat is faak it gefal by bouprojekten en it oanlizzen fan nije diken. Op de grûnkwaliteitskaart is no maklik nei te gean oft der problemen mei PFAS te ferwachtsjen binne.

De kaarten binne oanpast op grûn fan ûndersyk fan de FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing), yn opdracht fan de 18 Fryske gemeenten.

(advertinsje)
(advertinsje)