Skipswrak op Skylge âlder as tocht: "Misschien wel 500 jaar oud"

It skipswrak dat ferline wike by peal 10 op Skylge fûn is, is nei alle gedachten âlder as 250 jier. Undersikers fan de Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed binne woansdei op it eilân begûn mei ûndersyk nei it wrak. Ien fan dy ûndersikers is maritym archeolooch Thijs Coenen. Hy neamt it wrak "een bijzondere vondst".
© ProNews
Neffens Coenen is it skip krekt oarsom boud as skippen dy't al bekend wienen. En dat is unyk. Wêrom't dat dien is, wit Coenen net. "Het zou kunnen zijn dat er een minder zware constructie moest zijn bovenin het schip."
De restanten fan it skip fertoane wol gelikenissen mei skippen út de sechstjinde iuw. "Daarom is het misschien wel 500 jaar oud."

Better fêststelle

Mei meunsters dy 't tongersdei meinommen wurde kin noch better fêststeld wurde hoe âld oft it skip krekt is en wêr't it weikomt. Dat is bygelyks ôf te lêzen oan it de jierringen yn it hout. Coenen tinkt oan Nederlân of oan ien fan de oare lannen om de Noardsee hinne.
De stikken, dy't op it stuit by de gemeentewerf lizze, komme nei alle gedachten fan de eftersteven fan in skip. De ûndersiker tinkt dat it wol ris om in hannelsskip gean koe. "Want het is behoorlijk groot en zwaar gebouwd, dus het is een zeegaand schip geweest. Meestal werden die voor de handel gebruikt."

Lêst fan stoarm

It skipswrak koe foarige wike troch yngripen fan boargemaster Wassink krekt op tiid fan it strân helle wurde. Jutters wienen doe al dwaande om it út elkoar te lûken. De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed koe ferline wike net direkt nei it eilân komme fanwege stoarm Ciara. Coenen fynt it spitich dat it ûndersyksteam no net mear goed sjen kin hoe 't de stikken yn elkoar sieten.
De oerbliuwsels fan it skip wurde no troch de ûndersikers yn 3D scand. Op dy manier kin it digitaal wer ynelkoar set wurde. Coenen tinkt net dat it wrak yn in museum bedarret om 't it in soad jild en tiid kost om it hout te behâlden. "Dat zou je speciaal moeten behandelen en conserveren. In dit geval gaat dat waarschijnlijk niet gebeuren, want het is ook niet heel erg mooi verder."
Maritym archeolooch Thijs Coenen