HEA! Fergees siedsjes liene en ruilje
It kweken fan eigen griente, krûden en blommen is 'hartstikke hip'. De Zadenbibliotheek Fryslân, dêr't minsken fergees sied liene, ynleverje en ruilje kinne, hat no al achttjin lokaasjes yn 'e provinsje. Ferskate frijwilligers helpe mei om it sammele sied yn lytse pûdsjes te ferpartsjen, want fan maart ôf kinne minsken it sied ophelje.