Reidsnijer slim ferwûne nei ûngelok yn Aldlemmer

Oan De Weeren by Aldlemmer soe woansdeitemoarn in reidsnijer by wurksumens ferwûne rekke wêze. Neffens omstanners soe de man ûnder in rupsbân fan in masine telâne kommen wêze.
© ProNews
Meardere ambulânses en in traumahelikopter rieden út om it slim ferwûne slachtoffer te helpen. Fanwege de helpferliening wie de dyk langere tiid ôfsletten foar ferkear. Nei behanneling is it slachtoffer oerbrocht nei it sikehûs.
Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. It ûngelok wurdt ûndersocht.