Earste fûgels litte har wer sjen fanwege betide maitiid

De maitiid komt betiid yn de natuer dit jier. De earste ljippen binne alwer teplak, de earste skriezen komme werom fan harren winterferbliuw en de ljurk sjongt al folop. "It is eins in hiel grutte grûzemoes fan fûgels, in kommen en gean", seit boskwachter Sander Veenstra.
© Vogelbescherming Nederland
Guon fûgels binne hjir bleaun, oare komme just earder werom fan it winterskoft. Dat hat te krijen mei it relatyf waarme waar. "Ik krige al in berjocht dat der by ús op de plasse alwer 300 skriezen steane", seit Veenstra. "En de ljurk hearre je altyd as ien fan de earsten yn febrewaris. It is no soms wat minder te hearren mei de wyn fan de ôfrûne dagen, mar hy is der wol."
Al de fûgels dy't hjir bleaun binne en dy't werom komme, it rint allegear wat trochelkoar hinne. "Gebieten sitte hielendal fol, op guon plakken sjochst it hiel goed. Der binne al smjunten, wilsters, ljippen en de skriezen komme werom út Portugal en Afrika wei."
Ast in protte frette kinst, dan fielst dy faak ek wat better.
Boskwachter Sander Veenstra
It is eins hiel simpel, leit Veenstra út: "De bisten reagearje gewoan op harren omjouwing. No't it al in bytsje maitiid is, is der foar ljippen in protte fretten te finen. En ast in protte frette kinst, dan fielst dy faak ek wat better."
Want der is genôch te finen foar de fûgels. "It lân seach der de ôfrûne dagen hiel moai út, mei in heech wetterpeil. Der stiene oeral plassen op it lân. Foar de fûgels is it ideaal. Dy moatte it benammen ha fan de wjirms, dy binne der no folop. As it no hartstikke kâld wie, dan bliuwe se ûnderyn sitten. Mar no wolle se wol nei boppen ta komme, wat dat oanbelanget is it perfekt."

Heakoarts

En der binne mear tekenen dat de maitiid betiid is. "De poddetrek is begûn, ek dat is betiid. De stikelbargen binne alwer warber en guon blommen rinne ek al út. Dêrneist sille de heakoartspasjinten it ek wat earder meikrije."