Kearslûzen opnij ticht fanwege stoarmwaar

19 feb 2020 - 12:49

In pear kearslûzen yn de provinsje gean op 'e nij ticht yn ferbân mei it minne waar dat op komst is. It giet om de kearslûzen fan Goaiïnggaryp, De Broek (Noardbroeksterfeart), de Lange Sleat en de Jouster kearslûs.

Foto: Omrop

De slûzen binne fan woansdei 19 febrewaris ôf ticht en dat bliuwt sa oant en mei woansdei 26 febrewaris. Foarige wike moasten de slûzen ek al langer ticht bliuwe fanwegen it stoarmwaar. Foar de skipfeart bliuwe de gefolgen beheind. De kearslûzen lizze net yn trochgeande rûtes foar de beropsfeart en dizze tiid fan it jier komme der ek net in soad plezierfarders lâns.

Dat de kearslûzen tichtsetten wurde, hat foaral te meitsjen mei de kombinaasje fan de hurde wyn út it súdwesten en de hege wetterstân. Yn it gebiet tusken De Jouwer en Goaiïngaryp binne de polderdiken oan de lege kant. Wetterskip Fryslân kin troch it sluten fan de slûzen foarkomme dat der wetteroerlêst ûntstiet.

(advertinsje)
(advertinsje)