Partijen wolle gau dúdlikheid oer de leechfleanrûte boppe Fryslân

19 feb 2020 - 12:42

Ferskate partijen yn de Twadde Keamer wolle gau dúdlikheid oer de leechfleanrûte fan de strieljager F-35 oer Fryslân, dy't in soad lûdsoerlêst feroarsaakje kin. Dy rûte is sûnt 2002 net mear yn gebrûk, mar de nije JSF-tastellen meitsje dêr yn de takomst mooglik feroaring yn.

De lâning fan de earste F-35 yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

Dat berjocht smiet in soad fragen op by Fryske politisy. "Je skrikke je dea", sei FNP-Steatelid Sijbe Knol. De PvdA en SP hawwe yn de Twadde Keamer in moasje yntsjinne dat de rûte net mear yn gebrûk nommen wurdt. GrienLinks freget de regearing om rekken te hâlden mei de beswieren fan lokale bestjoerders en omwenners by de beslútfoarming.

VVD wol dat de regearing de minsken gau dúdlikheid jout oer de leechfleanrûte en it gebrûk dêrfan, sadat dy witte wêr't se oan ta binne. De moasje fan de VVD wurdt stipe troch CDA en D66.

Takom wike stimt de Twadde Keamer oer de moasjes.

(advertinsje)
(advertinsje)