Toulûkferiening de Watermannen docht mei oan WK: "We strijden voor goud"

19 feb 2020 - 12:07

De dames fan Toulûkferiening de Watermannen út Aldeholtwâlde binne op it stuit ûnderweis nei Letterkenny yn Ierlân foar it WK Toulûken. Fan tongersdei ôf binne dêr de wrâldkampioenskippen, dy duorje oant en mei snein.

Nederlâns dames seleksjeteam WK Toulûken - Foto: Omrop Fryslân

De toulûksters meie, nei moannenlang trainen, harren krêften mjitte op it WK. "We gaan er hard voor strijden, want we strijden natuurlijk voor goud", fertelt Jiska Schellens fan de Toulûkferiening.

De dames dogge yn ferskate klassen mei. "Op donderdag en vrijdag heb je de open wedstrijden, dat betekent dat iedereen daaraan mee mag doen. Op zaterdag en zondag komen de nationale teams uit, dat betekent dat het de landenteams zijn. Wij doen zowel in de open klassen als de landenteams mee."

Ofkomstich út ferskillende ferieningen út it hiele lân, reizgje de froulju hiel wat ôf om twa kear yn de wike mei-inoar te trainen. Njonken de trainingen mei-inoar traint elkenien by harren eigen feriening ek nochris twa kear yn de wike. De trainingen bestean út kondysje, krêft en it omheech lûken fan in bak mei gewichten. "Maar de techniek is minstens zo belangrijk", seit Schellens. "Kaarsrecht aan het touw zonder een kromme rug is essentieel."

Koronafirus

"China en Taiwan zijn in de damesklasse de regerend wereldkampioen, dus dat betekent dat als China al afvalt vanwege het coronavirus, dat de kansen wel iets groter worden voor ons. Maar we vinden wel: hoe meer teams er mee doen, hoe leuker. Aan de ene kant balen we ervan, maar aan de andere kant brengt het ons wel een stukje dichterbij een podiumplek", fynt Schellens.

Jiska Schellens fan Toulûkferiening de Watermannen oer it WK

(advertinsje)
(advertinsje)