Rjochtbanktolken poer op minister Grapperhaus

Tolken en oersetters binne poerlilk op minister Grapperhaus fan Justysje, no't in twadde petear tusken beide partijen op neat útrûn is. De minister hâldt fêst oan syn plannen om minder kwalifisearre tolken en oersetters yn te setten by rjochtsaken.
De aksjefierende tolken kamen út hiel Nederlân © Omrop Fryslân
Tolk Frysk Fedde Dijkstra oer de aksje
"De minister wegeret te lústerjen nei ús foarstellen, en dêrtroch stiet in earlike rjochtsgong faai", sa seit de Actiegroep Registertolken en -Vertalers. Ek wol Grapperhaus harren fergoeding, dy't al sûnt de jierren 80 itselde bleaun is, net ferheegje.
"As wy nei in sitting moatte en in fertochte komt net opdaagjen, dan krije wy dêr likernôch 42 euro bruto foar. De minister wol dêr sa'n sân euro fan meitsje", leit tolk Frysk Fedde Dijkstra út. "Dêr kinst it parkearjild net iens fan betelje." De tolken drage it Dútske systeem oan as oplossing. Dêr regelet de oerheid sels de finansiering fan tolken en leit it oeretaryf om de 70 euro.

Yn striid mei ferdrach foar de minskerjochten

Wêrom't de minister sa sterk fêsthâldt oan syn eigen stânpunt, hat Dijkstra sa gau gjin antwurd op. "As hy deroan fêsthâldt, hannelet er yn striid mei it ferdrach foar de minskerjochten. Neffens de rjochtlinen soe hy dizze beslissing net nimme meie."
De tolken en oersetters wiene fan plan woansdei te demonstrearjen yn Den Haag, mar dat falt gear mei it boereprotest. Dêrom bliuwe de tolken en oersetters woansdei thús. "Foar ús is tige spitich dat it demonstrearjen, nei al dy tariedings, net trochgean kin, fanwege de boeren."

Debat

It plan wie dat der sa'n 300 swijende tolken en oersetters stil protest fiere soene. "Mar as der swijende tolken steane en toeterjende boeren mei trekkers, sille wy net opfalle." De tolken en oersetters geane wol nei it debat oer dit konflikt yn de Twadde Keamer woansdei.
Dijkstra hat dochs goede ferwachtings fan dat debat. "Yn Nieuwsuur waard sein dat alle politike partijen net begripe wêrom't de minister dit wol. Dus wy tinke dat de minister wol aardich fragen krije sil oer hoe't it no krekt sit. Wy hoopje dat er op oare tinzen brocht wurde kin."