Seis Fryske organisaasjes yn race foar nasjonale frijwilligerspriis

19 feb 2020 - 08:58

Seis Fryske organisaasjes meitsje kâns op de Nationale Vrijwilligersprijzen 2020. It giet om Friesland Beweegt (Ljouwert), SAR Nederland (Ljouwert), Spelend Sporten (Ljouwert), Wijklokaal Hoedemakerspolder (Dokkum), Fernijing Skatebaan (Feanwâlden) en Veldje Talryk (Drachten).

De Nationale Vrijwilligersprijzen binne in inisjatyf fan it ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport en wurde sûnt 2011 útrikt oan bysûndere en ynspirearjende frijwilligersorganisaasjes, -projekten en -inisjativen.

Publyk kin stimme fan 18 oant en mei 22 maart. De 12 nominearre frijwilligersorganisaasjes krije in promofilm en meitsje kâns op in sjuerypriis fan 6.000 euro. Alle kandidaten, ek as se net nominearre binne, meitsje kâns op de publykspriis fan 2.500 euro. De prizen sille op 28 maart útrikt wurde troch minister De Jonge.

(advertinsje)
(advertinsje)