Kollum: "Reinbôgeflagge"

"De bûten-de-doar-wenjende Fries Sipke Jan Bousema is wichtiger as hokker ynwenner fan Fryslân dan ek. Hy begûn op de nasjonale telefyzje te skriemen oer dat Fryslân de reinbôgeflagge net oan it provinsjehûs hingjen hat. Dy reinbôgeflagge is bedoeld om oan te jaan dat hoe apart, frjemd, oarskleurich en ferskillend we ek allegear binne, dat we dochs gelyk binne. Yn myn ûnskuld tocht ik dat it folle wichtiger wêze soe dat alle ynwenners fan Fryslân dy flagge úthingjen ha. Mar dat ynteressearet Sipke net, dy flagge moat op it Provinsjehûs.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Doe betocht Sipke dat hy Fries is. In skriemende Fries komt yn aksje. Sipke praat no mei alle Fryske politike partijen dy't foar de reinbôgeflagge binne. Dy sille no mei harren allen de Sipke Jan Bousema-moasje yntsjinje. Fansels giet deputearre Avine Fokkens dan oerstaach. Omdat Sipke Jan mei syn Hilversumse mediarelaasjes Fryslân yn de publisiteit oars sa sear dwaan sil, dat we hjir nea wer in flagge ophingje kinne. Sels net de Fryske flagge, dy't dochs ek hinget foar de lykberjochtiging fan ús eigen- en eigenaardichheden.
In flagge is inkeld mar in úthingboerd. Uthingbuorden jouwe oan wat je der sels fan fine, net wat oaren fine. Der binne sêd lju dy't de Fryske flagge ophingje en noch nea in wurd Frysk sprutsen ha, "maar ik woon hier toch". Dêr wurdt hjir al jierren seurd oer in reinbôgeflagge. Alle oare provinsjes ha sa'n ding te hingjen. Om oan te jaan dat se op harren begrutting in nutteleas bedrach stean ha om de befolking op te fieden. Dy giet dan op de fuotbaltribune sitten en skelt alle homo's en swarte spilers de hûd fol. Mar dat hinderet neat, je ha dochs geweldich dat jild op je begrutting stean.
Unsin. As it hjir moatten hie, hie Arno Brok it al lang regele. Dy fynt in skynfertoaning net nedich. As de Friezen mar net op dy fuotbaltribune sitten gean. De Bousema's op dizze ierde tinke dat as je úthingbuorden ophingje, dat de wrâld dêr dan better fan wurdt.
Nee dus. Yn it Gelderske plakje Zevenaar docht de iepenbiere skoalle wol mei oan it karnaval, mar se neame it gjin karnaval, mar ferklaaifeest. Want karnaval is in roomsk feest en in iepenbiere skoalle wurket net mei roomske oantsjuttingen. Foar my wie in iepenbiere skoalle altyd it iennichste wat koe, mar as ik yn Zevenaar wenne brocht ik de bernsbern no nei de roomske skoalle.
Krekt sa dom as dat Swarte-Pite-gedoch. Nee, stil mar, wat wy yndertiid dien ha oan de slavehannel wie net bêst. En wat guon fan ús no dogge mei diskriminaasje is ferskriklik. Freegje de man fan it Sineeske restaurant op de hoeke mar efkes. Mar in flagge poetst dat net fuort.
Noch in foarbyld. Oardel wike lyn hearde ik ynienen geweldige lûden út Súdeast-Fryslân. Dêr krigen se 15 miljoen út de saneamde regiodeal fan it ryk. No, no no. Deputearre Sander de Rouwe kraaide it út fan freugde. Pas letter die bliken dat it in foai is, dat allinne Súdeast-Fryslân al 25 miljoen tasein wie. Dat de eilannen yn swier waar komme, om't se de wenningbouplannen net wier meitsje kinne. Der wie op rekkene dat it jild wol komme soe.
De oerheid wurket mei flaggen, dy't se like hurd wer strike. De provinsje likegoed. Elk doarp dat wat wol, wurdt oantrune dat op papier te setten en yn te tsjinjen. We ha allegear potsjes, rekkenje dêr mar op. De gemeenten moatte ferdiele. By in goedkarde oanfraach it hiele frege bedrach útkeare. Mar der is fierstente min jild, want hiel wat doarpen binne opnaaid om hjir oan mei te dwaan. De gemeenten wurde gek, want dy moatte no aanst 80 persint teloarstelle, ek al om't de provinsje wer in hiel soad fan it ferline jier útlutsen bedrach ôfhelle hat.
Begripe jim it: Oeral hingje flaggen, mar der hinget net oeral in pûde mei jild of realiteit efter. Mar Sipke Jan Bousema rêdt it op. Tanksij de publisiteit komt de reinbôgeflagge aanst op it provinsjehûs. Mar dêrmei hat hy noch net klearkrigen dat der nea mear immen in skelwurd nei in homo, boer of Frysktalige skreaut. Want fan de tsien minsken dy't lâns it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert rinne, binne der fjouwer dy't net witte wat in reinbôgeflagge betsjut. Of it kin har gjin soademiter skille."