Ambulânse yn Ljouwert komt fêst te sitten yn 'e modder

19 feb 2020 - 07:19

De helpferlieners hiene tiisdeitejûn sels help nedich, doe't op de Jan Jelles Hofleane yn Ljouwert in ambulânse fêst kaam te sitten op in gersfjild. It slagge de meiwurkers net om sels wer los te kommen.

Foto: ProNews

It gie mis doe't de ambulânse besocht te kearjen. De ambulânse ferfierde op dat stuit gjin pasjint.

Nei ferskate pogingen besleaten de ambulânsemeiwurkers dochs mar de help fan de brânwacht yn te skeakeljen. Mei behelp fan in swiere wein fan de brânwacht waard besocht de ambulânse los te lûken, mar dat bliek dreger as tocht. Der waard noch in berger oproppen, dy't de ambulânse wer út it gers lûke koe.

(advertinsje)
(advertinsje)