LIVEBLOG: Rêst werom yn Den Haag nei boereprotest

19 feb 2020 - 16:50

Guon Fryske boeren binne woansdei yn Den Haag. Sy protestearje dêr tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. De boeren fiere woansdei aksje op de Koekamp, in park neist it Malieveld. Folgje yn dit liveblog alles oer de boere-aksje fan woansdei.

  • Om 12.00 oere begûn it programma op de Koekamp. Dat is yntusken ôfrûn.
  • De stipe foar boere-aksjes nimt ôf, sa docht bliken út in enkête fan de noardlike regionale omroppen.
  • Premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou wiene net by de manifestaasje.

Dit liveblog is ook in het Nederlands bij ons te volgen.

18:22
Wy slute dit liveblog

Mear ynformaasje is 24 oeren deis te finen op omropfryslan.nl, en om 08:00 oere yn in rjochtstreekse útstjoering fan No yn Fryslân op de radio.

17:29
Fryslân Hjoed oer it boereprotest
16:40
Rêstiger

De measte boeren dy't oan it protestearjen wiene yn Den Haag geane wer nei hûs. Se woene nei it Ministearje fan Lânbou ta, mar waarden troch de ME tsjinholden en weromdreaun nei it plak dêr't it protest ek wie, de Koekamp. De Koekamp is yntusken leech en de earste trekkers geane út Den Haag wei.

De demonstranten woene stikkers fan boere-aksjegroep Farmers Defence Force op it ministearje plakke. Yn de buert fan it ministearje binne ferskate minsken oppakt.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
16:27
"Stikstofberekkening RIVM doocht net: gjin 46, mar 23 prosint op konto boeren"

Boeren binne ferantwurdlik foar 23 prosint fan de stikstofdelslach yn Nederlân en net foar 46 prosint. Dat meldt it Mesdag Zuivelfonds, in belange-organisaaasje fan boeren en it nijs stiet te lêzen yn it AD. Neffens it Mesdag Zuivelfonds doge de berekkeningen fan it RIVM net.

16:11
Plysje dringt boeren werom nei de Koekamp

De plysje wol dat de demonstrearjende boeren weromgean nei de Koekamp, it plak dêr't harren protest hâlden waard. Sy wiene koart dêrfoar tsjinhâlden doe't se nei it ministeerje fan Lânbouw rûnen. Dêr woene se stikkers fan Farmers Defence Force plakke. Ien demonstrant is arrestearre.

15:39
Plysje hâldt boeren tsjin

De plysje haldt boeren tsjin dy't ûnderweis binne nei it gebou fan it ministearje fan Lânbou. Der is seker ien persoan oppakt. De boeren woene stikkers fan Farmers Defence Force plakke op it ministearje fan Lânbou.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
15:33
Gjin ekskuzen, dus FDF wol stikkers plakke

Farmers Defence Force woe ekskuzen ha fan premier Rutte en minister Schouten foar it kabinetsbelied, mar dy krije se net. De aksjegroep dielt no dêrom stikkers út. FDF-foarsitter Van den Oever hat de oprop dien op de stikkers te plakken op it pân fan Schouten.

15:21
"Mei syn allen foarút"

Boer Arjen Schoustra fan Easterwierrum is op syn pleats bleaun en net nei Den Haag ta. Hy moat gewoan oan it wurk. Schoustra stipet de kollega's yn Den Haag wol. "Dat der wat gebeure moat, dêr bin ik net op tsjin", seit er. "Mar we kinne net fan hjoed op moarn werom op hynder en wein. We moatte foarút, mei syn allen. Dus as we sanearje moatte fanwegen stikstof, dan moatte ek de loftfeart en de yndustry mei."

14:50
Oanjefte

In Fryske boer yn Den Haag wol oanjefte dwaan tsjin de plysje fanwegen 'diskriminaasje'. Dat sei er tsjin in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân. De boer wol de stêd yn, mar wurdt tsjinholden.

14:53
Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Den Haag
Trefwurden: 
boeren Den Haag boere-aksjes
(advertinsje)
(advertinsje)