Stoarmwaar lit in bulte dieren efter: stjerrerein op Skiermûntseach

18 feb 2020 - 21:28

It stoarmwaar fan de ôfrûne tiid hat der net allinne foar soarge dat der beammen omfallen binne. Op Skiermûntseach hat it in flinke stjerrerein efterlitten. Net fan fallende stjerren, mar fan oanspielde seestjerren. It is in natuerferskynsel dat wolris faker foarkomt, mar it smyt wol moaie plaatsjes op.

(advertinsje)
(advertinsje)