Krookjefakânsje yn Hylpen: bern op syk nei it geheim fan de fontein

Fanwege de krookjefakânsje is der yn de musea fan Hylpen in soad te dwaan. Foar de aksje 'Help pake en beppe de vakantie door!' is it tema dit jier: wetter. Museum Hylpen hat dêrom in ferhaal foar bern betocht om de 11Fountains-fontein hinne. En by Schaatsmuseum Hindeloopen is der in speurtocht.
Riemkje Pitstra fan Museum Hindeloopen kin de bern alles fertelle oer 'Het geheim van de fontein!' De lêste tiid barre der frjemde dingen by de fontein fan Hylpen. Der komme bisten út de see nei de stêd en yn it museum ûntdekke se eltse moarn wiete plakken. It geroft giet dat der in wettermeunster yn de stêd is. Oan de bern is it om it riedsel op te lossen. Pitstra: "De bern kinne wetterproefkes dwaan, in skipke yn in flesse meitsje en oare dingen nifelje."
Ien fan besikers is in beppe fan Warkum, har harren bernsbern fan Hilversum meinommen hat. "Ik tocht: wy moatte mar efkes nei it museum."
Riemkje Pitstra fan Museum Hindeloopen
Schaatsmuseum Hindeloopen © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn Schaatsmuseum Hindeloopen binne in pear jonges fan Snits dwaande mei in Alvestêdepuzzeltocht. Ien fan de fragen is: 'Op welke sloot was de finish in 1997 in Leeuwarden?' De jonges fine it hartstikke leuk. Harren mem seit: "Wij waren de hele tijd al naar het zoeken naar een leuk museum. Van een collega kreeg ik de tip om hierheen te gaan. Het is hartstikke leuk en leerzaam."
Ferslachjouwer Willem de Vries by Schaatsmuseum Hindeloopen