Hok efter in hûs oan de Schoterlandseweg yn Aldskoat ôfbaarnd

18 feb 2020 - 20:20

In skuorre efter in hûs oan de Schoterlandseweg by Aldskoat is tiisdeitejûn yn 'e brân rekke. De brânwacht fan It Hearrenfean is op it plak kaam om it fjoer út te meitsjen, mar der koe net foarkommen wurde dat it hok flink skansearre rekke.

Foto: ProNews

De oarsaak fan de brân yn de skuorre is net bekend. Der is net ien ferwûne rekke by de brân.

Trefwurden: 
It Hearrenfean brân Aldskoat
(advertinsje)
(advertinsje)