Johan Teake Dekker wurket hurd oan wrâldrekôr klok-simultaandamje

Johan Teake Dekker fan De Gordyk wol op 25 april it wrâldrekôr klok-simultaandamje ferbetterje. Dat hâldt yn dat hy tsjin in grut tal tsjinstanners spilet, dat de betinktiid byhâlden wurdt mei in damklok en dat der op syn minst in skoare fan 70 persint helle wurde moat. Dekker wol it yn Sportstad Heerenveen opnimme tsjin 46 spilers. It rekôr is op dit stuit yn hannen fan de Rus Alexander Georgiev mei 45 partijen.
© Johan Teake Dekker
Foar it rekôr sil hy takom moandei al in oefenpartij spylje by syn eigen damklup fan It Hearrenfean yn Mildaam. Hy nimt it op tsjin 20-25 tsjinstanners mei 60 setten foar oardel oere. Dat komt oerien mei it spultempo dat nedich is foar de oanfal op it wrâldrekôr. Neffens Dekker is it resultaat oan de ein fan syn oefenjûn minder wichtich as de ûnderfining dy't hy opdwaan sil.