Seis Friezen nei WK shorttrack, Knegt allinnich op de ôflossing

18 feb 2020 - 19:53

Itzhak de Laat fan Ljouwert en Sven Roes fan Gytsjerk dogge healwei maart op it WK shorttrack mei oan it yndividuele toernoai. Bûnscoach Jeroen Otter jout dy twa de foarkar boppe Sjinkie Knegt fan Bantegea, dy't pas krekt opknapt is fan de brânwûnen dy't hy in jier lyn oprûn. Knegt docht wol mei op de ôflossing, dêr't Daan Breeuwsma fan Akkrum en Melle van 't Wout ek foar oproppen binne.

Sjinkie Knegt ôfrûne wykein - Foto: www.orange-pictures.nl

Nederlân hat by de manlju mar twa startplakken foar it yndividuele toernoai. De Laat behelle yn jannewaris by it EK yn Debrecen sulver op de 1.500 meter. Yn it einklassemint einige hy as fjirde. De 20-jierrige Roes pakte oardel wike lyn by syn wrâldbekerdebút, yn Dresden, daalks sulver op de 1.500 meter.

By de froulju mei Nederlân trije shorttrackers ôffurdigje. Neist Europeesk kampioene Suzanne Schulting fan De Tynje kiest Otter foar Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof. Rianne de Vries fan Akkrum en Xandra Velzeboer ride de ôflossing.

De wrâldkampioenskippen binne fan 13 oant en mei 15 maart.

Sportferslachjouwer Roelof de Vries oer de WK-seleksje

(advertinsje)
(advertinsje)