Henk Hoekstra: "Thialf mei wolris wat mear ambysje toane"

18 feb 2020 - 21:29

Thialf is in toplokaasje om te trainen en hat alle fasiliteiten, mar it mist wol in wedstriidakkommodaasje foar shorttrack. Dat skreau shorttracker Sjinkie Knegt op Twitter. Foarsitter Henk Hoekstra fan de UNIS Flyers reagearre op him en hy fynt dat Thialf mear ambysje toane moat foar toptoernoaien en it stypjen fan opkommende iissporten.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Hoekstra kin der koart oer wêze: "Thialf is ít iisstadion fan Nederlân. It is in topsportakkomodaasje. Mar de wedstriden dêr't it om giet, wurde hjir net holden."

Hy fynt dat der mear inisjatyf nommen wurde moat. "Der wurdt al in tal jierren sprutsen om de iishockeyhal oan te pakken. As je dan tûk binne, sjogge je nei wat je dwaan kinne. Ik fyn ek dat wy wolris wat mear ambysje toane meie. Dy ambysje wie der by de 400-meter baan der ynienen wol doe't Almere nei boppe kaam. Sjinkie wit krekt wêr't er oer praat. Wy moatte as Friezen Thialf op de kaart hâlde."

"Der moat wol wat barre"

Hoekstra praat oer de iishockeyhal en de 400-meter baan. "Dy baan is op in nivo set en der binne trainingsfasiliteiten oan ferbûn om in topsportklimaat te krijen. Mar dan kinne de topwedstriden der net spile wurde om't de iishockeyhal net foldocht. Eins hat dy wol in tal dingen dy't keppele wurde kin oan de 400-meter baan, bygelyks de business lounges. Mar de hal sels foldocht net. De hal is mear as 50 jier âld. Om te spyljen giet it noch, mar der moat wol wat barre."

Opkommende sporten

Neffens Hoekstra soe Thialf mear ynspylje moatte op opkommende sporten. "It langebaanriden is frij lyts, shorttrack, iishockey en curling ûntwikkelje harren sterk. Wy moatte dat ek by Thialf hâlde. Der komme dus oare sporten op dêr't Nederlân ek oan meidocht." Wat is der dan nedich? "It is gjin rocket science. As dy hal better is, kinne je der ek ris in WK-iishockey op Nederlânsk nivo hâlde mei junioaren en froulju. As jo in pear grutte toernoaien binnenhelje kinne, dan kin der ek jild fertsjinne wurde."

Foarsitter Henk Hoekstra fan de UNIS Flyers

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)