Ferjierjen kin skeafergoedingen Lelystad yn de wei stean

It fleanfjild fan Lelystad is noch net iepen en it is ek net dúdlik wannear't dat wol safier is. Mar as it safier is sil der ek oer Fryslân hinne flein wurde. Wolle je oait in skeaclaim yntsjinje kinne, fanwege bygelyks weardeferleging fan it hûs, dan moat dat al foar 1 april fan dit jier. Dêrnei rint it rjocht op in skeaclaim al ôf, fiif jier nei it 'Luchthavenbesluit Lelystad.'
Lelystad Airport © ANP
Dêrfoar warskôgje ûnder oare partijen yn de gemeente Zwolle, mar ek Werkgroep Laagvliegroutes Friesland Nee. Rob de Wind fan Munnikebuorren heart by dizze wurkgroep en hopet dat in soad minsken sa'n skeaclaimbriefke ynfolje. "Het is natuurlijk wat bizar, maar ik raad je wel aan om het te doen. Als je huis in waarde vermindert of je campinggasten zeggen 'we hadden geen aanvliegroute in dit stiltegebied gepland,' dan heb je een probleem," seit De Wind.

Boargers attint meitsje op de skeaclaim

"Je hoeft alleen maar een briefje in te vullen voor 1 april. Dat briefje is opgesteld door een jurist. Je kunt je indekken en op dat briefje terugvallen. Want doe je het niet en heb je te maken met waardevermindering, dan is dat zonde."
De Wind leit út wêrom't it no moat. "Er zit een verjaring van vijf jaar op. Een advocaat heeft ons hierop gewezen. Er zijn heel veel gemeenten in Overijssel en Gelderland die hun burgers er op attent maken: stuur maar een claim in. Wij hebben provincie Fryslân ervan op de hoogte gesteld. Maak er werk van. Van GroenLinks hebben we een hele positieve reactie gekregen, ze waren blij dat ze erop werden geattendeerd."
Rob de Wind fan Werkgroep Laagvliegroutes Friesland Nee