Lifelines yn Ljouwert ûndersiket oft Fryskpraters sûner âld wurde

18 feb 2020 - 18:04

It sûnensûndersyk Lifelines is fan tiisdei ôf wer iepen in Ljouwert. Lifelines ûndersiket oer langere perioaden de sûnens yn ferskate rondes. Dit is de tredde en lêste ûndersyksronde en dy duorret oant 2023. Tsien persint fan de noardlike befolking wurdt ûndersocht, it giet dan om 167.000 minsken.

Foto: ANP

Yn Lifelines wurde der sjoen nei oanwizingen wêrom't de ien siik wurdt en de oare sûn bliuwt. Troch middel fan it ôfnimmen fan bloed, it ûndersykjen fan urine, it meitsjen fan hertfilmkes en it tsjekken fan de bloeddruk besykje se oanwizingen te finen om sûn âlder te wurden.

"Der binne ek bepaalde dingen dy't wy gelyk yn it bloed ûndersykje, en dan jouwe we dan ek werom oan de dielnimmers", leit Johanna Rienks út yn it radioprogramma Weistra op Wei. "De golesterol mjitte wy en jouwe wy ek daalks werom. En as dat wat te heech is, dan freegje we ek de dielnimmers om kontakt op te nimmen mei de hûsdokter. Op dy manier binne der yndie minsken echt holpen."

Taal en muzyk

Yn it ûndersyk wurdt ek sjoen nei taal en muzyk. Ast meardere talen kenst, helpt dat om sûn âlder te wurden. De harsens moatte dan tusken aktiviteiten wikselje. "Der is in ûndersyk tusken Ryksuniversiteit Grins en it UMCG. En it giet der dan om dat as je meerdere talen sprekke, dat dan dyn brein aktiver wurdt en de harsens fleksibel wêze moatte", fertelt Rienks.

Oer in heal jier oant in jier wurde de earste resultaten bekend.

Petear mei Johanna Rienks oer Lifelines

(advertinsje)
(advertinsje)