Fryske Panda's: it fean as wiere 'survivor'

18 feb 2020 - 17:54

CO2 is fan libbensbelang foar de ierde, mar tefolle fan de stof kin foar grutte skea soargje. Dat sjogge wy rûnom yn ús omjouwing. Dêrom binne natuergebieten dy't dy stof fêsthâlde in topprioriteit. Ien fan dy natuergebieten is it heechfean.

Yn Fryske Panda's gean wy op syk nei dizze soart fan fean. Dêrfoar nimt boskwachter Jakob Hanenburg fan Steatsboskbehear ús mei it Drents-Friese Wold yn.

It natuergebiet op de grins fan Fryslân en Drinte stiet bekend om syn stowende sândunen en bosken. Mar djip yn de bosken leit in bysûnder gebiet mei in sterke oerlibbingsdrang. It hat al ferksate grutskalige ûntfeanings- en ûntginningsoperaasjes oerlibbe. Op dat plak nimt it fean net ôf, mar krekt ta.

Yn de rige Fryske Panda's sykje wy alle moannen in nijsgjirrige mar bedrige soart op, yn oparbeidzjen mei Staatsbosbeheer: foardat it te let is!

(advertinsje)
(advertinsje)