Berne-opfangen meie net-yninte bern tenei wegerje, mar wolle sy dat ek?

18 feb 2020 - 17:13

Berne-opfangen meie tenei sels bepale oft sy bern wegerje wolle dy't net yninte binne. In mearderheid yn de Twadde Keamer stimde dêr tiisdei foar, nei in foarstel fan D66. Mar oft berne-opfangen dêr altyd op sitte te wachtsjen is noch mar de fraach. By berne-opfang Vandaag, mei seis lokaasjes, binne se der noch net oer út oft sy gebrûk meitsje wolle fan dy mooglikheid.

Lokaasjemanager Minke Cuperus fan de Vandaag-fêstiging yn Drachten merkt wol dat der hieltyd mear âlden nei freegje. "It libbet wol mear by âlden. Wy hâlde it al in skoftke by en freegje âlden by de ynskriuwing of sy dielnimme wolle oan it faksinaasjeprogramma. Ik haw hjir goed 50 bern op de opfang, dêrfan binne sa'n twa net yninte. Mar ik tink ek: besmetting kin oeral, ek yn de supermerk of op strjitte. Dus lost it 't op? Dat is de fraach."

"Foar beide kanten falt wat te sizzen"

Jessie Schipper fan berne-opfang Vandaag: "Wy fine der noch net in soad fan, it is in muoilik item. Foar beide kanten falt wat te sizzen, dêrom hawwe wy noch net in stânpunt. Je wolle wol de feiligens fan de bern garandearje. Mar wat is feiligens? En hokker karren meitsje je? Yn ús fyzje wolle je eins noait bern wegerje. Wy wachtsje de regeljouwing ôf. It is foar eltsenien oars."

Mem Djohy de Calonne fynt net dat it wegerjen fan bern nedich is, al is har dochter wol yninte. "Ik kan niet bepalen voor kinderen van andere ouders of zij moeten inenten. Als je kinderen zou scheiden heb je nog meer verspreiding van groepen, en dat is ook niet altijd wenselijk."

Hoe wurdt der op de Vandaag berne-opfang yn Drachten oer tocht?

(advertinsje)
(advertinsje)