Rutte en Schouten komme net nei boeremanifestaasje yn Den Haag

18 feb 2020 - 17:05

Premier Rutte en minister Schouten fan Lânbou komme woansdei net nei de manifestaasje fan aksjegroep Farmers Defence Force yn Den Haag. Boeren protestearje dêr opnij tsjin it stikstofbelied fan it kabinet.

Premier Mark Rutte - Foto: ANP

Minister Schouten seit dat se yntinsive petearen hat mei it Lânboukollektyf, dêr't trettjin boere-organisaasjes yn sitte, wêrûnder Farmers Defence Force. Se wol dêrom net nei in demonstraasje fan ien organisaasje apart.

Dat Schouten net komt hat neffens it ministearje neat te krijen mei it konflikt dat se hie mei Farmers Defence Force oer driigjende taal dy't dy groep brûkte. De minister fûn dat der fier by troch. Se easke dêr ekskús foar en krige dy ek.

Minder stikstof útstjitte

De minister praat tongersdei mei de Twadde Keamer oer de stikstofplannen. Fanwege it werstel fan de natuer moatte boeren minder stikstof útstjitte. Der leit ûnder mear in plan om boerebedriuwen út te keapjen. De boeren fine dat se yn ferhâlding te folle bydrage moatte. Neffens de boeren dogge oare sektoaren lykas de yndustry en de loftfeart fierste min oan fermindering fan de stikstofútstjit

(advertinsje)
(advertinsje)