Hearrenfeanster kleanmakker Ali Sepet: "Ik ben ontzettend dankbaar"

Fan flier oant plafond en alles dêrtuskenyn: kleanmakkerij Modres op It Hearrenfean is twa wiken lyn foar de twadde kear folslein ôfbaarnd. Eigener Ali Sepet besocht syn saak oan de Lindegracht tiisdeitemoarn foar it earst nei de brân. Hy siket noch wat lêste foto's wylst de skjinmakkers it gebou leechhelje.
Modres
Masines, knopen, skjirren en mear as tûzen ritsen. Alles hat in swarte laach of is smolten nei de brân. Yn it gebou dat Sepet hiert is neat mear hiel. Foar de doar fan de winkel stiet in kontener dêr't skjinmakkers alles yn smite.
Eigener Ali Sepet is bot oandien en sjocht syn ynboel foar de twadde kear nei de jiskebult giet. "Ik ben vreselijk slecht, mijn kinderen moeten huilen en mijn vrouw ook", fertelt Sepet. "Maar gelukkig zijn er heel veel hulpvaardige mensen in Heerenveen. Ik ben ontzettend dankbaar".
Sepet hat ferskate klanten op It Hearrenfean, lykas restaurants en kleanwinkels dy't him stypje. Op It Hearrenfean libje in soad minsken dan ek mei him mei. "Dat is hiel bysûnder en ek wol in fertsjinste fan de persoanlikheid fan Ali en fan syn karakter en syn knuffelfaktor", fertelt Hans Holwerda fan Van der Kam Mode. De kleanwinkel lit ferstel- en naaiwurk troch Sepet dwaan.
As de saak fan Sepet wer iepen giet, sil Holwerda de klean wer gewoan nei him ta bringe. "Ali is sels it bedriuw. Dat is net syn naaimasine, dat is net syn pân. Ali is it bedriuw en dêr geane wy foar".
Ali Sepet fertelt wat hy fynt en Hans Holwerda fertelt as klant oer de stipe
Hans Holwerda © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Kleanmakkerij Modres stie foar de twadde kear yn brân. Dit kear troch broei dat ûntstie yn de waskkoer mei drûgersdoeken dy't krekt út de drûger kamen. Sepet is de kommende moannen noch dwaande mei it opnij opbouwen fan de saak. Dat bart diels mei fersekeringsjild. Dêrneist sille freonen in crowdfunding-aksje opsette om Sepet te stypjen.