FIDEO: Wrâldkampioen Douwe de Vries wer thús by soan Melle

18 feb 2020 - 16:45

Douwe de Vries stie sneon noch yn Salt Lake City op it heechste poadium by it wrâldkampioenskip ôfstannen. In pear dagen letter is hy wer thús by frou Yanna en soan Melle. De Vries syn seizoen sit der op en dus hat er de kommende wiken alle tiid om rêstich nei te tinken oer syn takomst. Giet de 37-jierrige De Vries noch in jier troch of is it foar him de ein?

(advertinsje)
(advertinsje)