Waarmtescan: "Ik woe wolris sjen wêr't dy waarmte weilekt"

18 feb 2020 - 16:29

Fergees sjen wêr't je je hûs isolearje moatte, dat kin yn de gemeente Hearrenfean. De gemeente set yn op enerzjybesparring, en dus meie doarpen en wiken de waarmtebyldkamera's foar neat brûke. In waarmtescan jout oan wêr't waarmte út de wenning weilekt.

Troch in waarmtescan is te sjen wêr't it sinfol is om ekstra isolaasje oan te bringen. In better isolearre hûs skeelt yn enerzjykosten en is better foar it miljeu.

"Zo'n scan is puur bewustwording en inzicht om te zien waar er problemen zijn in het huis", fertelt Rik Heijmans, projektlieder fan de gemeente. "Vervolgens kunnen bewoners met de foto's, die ze van de werkgroepen krijgen, naar een installateur of adviesbureau met de vraag hoe ze het kunnen oplossen."

De gemeente stelt de waarmtebyldkamera's beskikber. Dat binne apparaatsjes dy't op de mobile telefoan oanklikt wurde kinne. Mei help fan in app jout it apparaat oan wêr't yn 'e hûs waarmte lekt. Dêr makket de wurkgroep dan foto's fan.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op besite yn De Knipe

Foto: Omrop Fryslân

Funksjonearret de glêswoltekken noch wol?

De fergeze waarmtescan-aksje fan de gemeente Hearrenfean is in earste inisjatyf dat ûnder de Reductie Regeling Enegie falt. It Ryk joech ein desimber 500.000 euro oan de gemeente om yn te setten foar lytse enerzjybesparjende maatregels. In folgjende stap kin it oanbieden fan maatwurkadvys wêze foar enerzjybesparring.

Hanny Durkstra fan de wurkgroep

Foto: Omrop Fryslân

Teun Bosscher yn De Knipe is de earste dy't in waarmtescan fan syn hûs meitsje lit. "Ik wol wolris sjen oft myn spoumuorre ek lekt", sei er tsjin Omrop Fryslân-ferslachjouwer Johanna Brinkman. "Wy hawwe der eartiids glêswoltekkens tusken dien en mei dy scan kinst sjen oft dy nei ûnderen sakke binne en oft it noch wol goed isolearre is. De temperatuer sakket frij rap, dus ik woe wolris sjen wêr't dat troch kaam."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)