Akkoart oer leansferheging Frisia Sâlt

© Omrop Fryslân
Personiel fan Frisia Sâlt yn Harns krijt der de kommende twa jier 4,25 persint leansferheging by. Dat stiet yn in CAO-akkoart dat fakbûn FNV Bondgenoten mei de direksje fan Frisia ôfsletten hat.
Fierders krije meiwurkers in taslach fan tsien euro om de auto's faker himmelje litte te kinnen. It fabryk fan Frisia stiet oan de Waadsee en dêrtroch hawwe de auto's fan it personiel te krijen mei sâltoanslach. Dêrneist is fêstlein dat útstjoerkrêften ek ûnder de nije CAO falle.