Nêstkastkes tsjin ikeprosesjerûp: "Wy tinke in stap foarút"

Nêstkastkes yn de striid tsjin de ikeprosesjerûp, mei dy oanpak komt Achtkarspelen. Sy wolle de nêstkastkes yn sa folle as mooglik beammen hawwe. Natuerlike fijannen fan de rûp, kinne dan yn de beam nestelje.
nêstkastjes tsjin ikeprosesjerûp
De gemeente hat tûzen nêstkastkes meitsje litten. De helte derfan wurdt op gemeentlike beammen ophongen, de oare helte wurdt útdield oan de ynwenners. Sy kinne har nêstkastke tiisdei ophelje by de Spitkeet op De Harkema. "Ik haw noch gjin lêst fan de rûp, mar ik tink graach in stap foarut."
De fraach nei in nêstkastke is grut. Minsken stean yn de rige foar de yngong fan de Spitkeet. Binnen lizze mear as fiifhûndert nêstkastkes te wachtsjen.
"Ik haw dizze útsocht omdat dy sa moai grien is," laket de lytse Jesse Kempenaar. Hy is mei syn heit Ido Gerard nei De Harkema kaam om in kastke op te heljen. "We hawwe sels noch gjin lêst fan de rûp," seit Ido wylst er it kastke fan syn soan oernimt. "Mar dat sit der al oan te kommen en derom hawwe we ien ophelle. Ik wol graach earder wêze as de rûp. Foarkomme is altyd better, fansels."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It útdielen fan de nêstkaskes
De gemeente Achtkarspelen hat de kar makke om de rûp op in natuerlik manier te bestriden. "We wolle net spuitsje," seit Max de Haan wylst er in earste kastke yn de beam hinget. "We wolle graach de beammen en al it bioferskaat hâlde. As we spuitsje, giet alles fuort. Dat soe ek skande wêze."
Dat idee wurdt troch in protte minsken dield dy't in kastke ophelje. "Ik haw by myn hûs in protte beammen," seit Douwe de Vries. "Mar dy wol ik der graach hâlde. We witte dat spuitsje ek in opsje is om de rûp te bestriden, mar dan bliuwt der neat mear fan myn tún oer. Dus dit is hooplik de bêste opsje."
Oft de kastkes helpe sille, moat takom simmer bliken dwaan, as de rûp wer yn Fryslân opdûke sil.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Max de Haan oer de nêstkastjes