Issa Kallon langer by SC Cambuur

18 feb 2020 - 15:01

Issa Kallon is ek de kommende seizoenen yn it shirt fan SC Cambuur te sjen. De 24-jierrige fleugeloanfaller hat syn ôfrinnende kontrakt mei twa seizoenen ferlinge. Kallon stiet no oant de simmer fan 2022 ûnder kontrakt yn Ljouwert.

Kallon komt út de jongereinoplieding fan Vitesse, mar makke syn debút yn it betelle fuotbal foar FC Utrecht yn augustus 2014. Nei ien seizoen by FC Emmen makket hy yn 2017 de oerstap nei SC Cambuur. Nei in pear meagere jierren is hy dit seizoen ien fan de smaakmakkers, mei 6 doelpunten en acht assists.

Technysk manager Foeke Booy is wiis mei de kontraktferlinging fan Kallon: "Issa heeft zo veel dreiging en diepgang in zijn spel waardoor hij voor elke verdediging een plaag is. Wij hebben er nooit geheim van gemaakt dat we hem graag in Leeuwarden willen houden en zijn vooral heel blij dat dit uiteindelijk gelukt is."

Issa Kallon - Foto: Orange Pictures

Wij hebben er nooit een geheim van gemaakt dat we hem graag langer in Leeuwarden willen houden.

Foeke Booy

Ek Kallon is bliid mei de kontraktferlinging. "Heb het enorm naar mijn zin hier en ga elke dag met een glimlach naar de club. We hebben daarnaast een geweldige spelersgroep en mijn band met de staf, en Henk de Jong in het bijzonder, is gewoon heel goed. Kan niet wachten om me nog verder te ontwikkelen en met Cambuur de weg omhoog in te zetten."

Trefwurden: 
SC Cambuur Issa Kallon
(advertinsje)
(advertinsje)