Auto oer de kop en yn de sleat by Warten

18 feb 2020 - 14:16

Yn Warten is tiisdeitemoarn in auto njonken de dyk bedarre. Dit wie oan de Stûkenwei. By it ûngelok kaam de auto yn de njonkenlizzende sleat telâne.

Auto yn it wetter by Warten - Foto: AS Media

De auto is nei alle gedachten oer de kop slein, foar't er yn it wetter bedarre. Hoe't dit krekt barre koe is noch net dúdlik. Ek is der noch neat bekend oer hoe't it mei it slachtoffer is.

In bergingsbedriuw moast ynskeakele wurde om de auto mei in takelwein wer út it wetter te heljen. It ferkear koe dêrtroch koarte tiid net gebrûk meitsje fan de dyk.

Trefwurden: 
ûngelok Warten
(advertinsje)
(advertinsje)