Stoarmen soargje foar grutte drokte by dakdekkers

Dakdekkers hawwe it dizze dagen smoardrok. Se hawwe de stoarmen Ciara en Dennis dêrfoar te tankjen. Ofwaaide dakpannen, kapotte dakkonstruksjes, dakdekker Douwe Schippers fan It Hearrenfean hat it der mar drok mei. "It binne in soad lytse dinkjes, mar minsken doarre sels it dak net op, en dus belje se ús."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
It binne benammen de âldere hûzen dy't skea hawwe fan de ôfrûne twa stoarmen. "Tsjintwurdich wurdt alles goed dellein mei heakken, en dat waait minder fluch op. It âldere spul waait as earste fuort."
Schippers wurket op it stuit mei trije man, en kin it wurk amper oan. "Mei de stoarmen koene wy it dak ek net op", sa leit er út. "It is no gelokkich wat rêstiger dus wy kinne no herstelle." Neffens Schippers is it net in útsûndering dat minsken yn de ôfrûne dagen potten en pannen delsette moasten om it wetter fan it lekke dak op te fangen.
De stoarmskea krijt op dit stuit foarrang op it oare wurk. "Minsken binne wat yn panyk as se ús belje." In lek dak hat fansels in soad impact, en dus fynt Schippers it logysk dat dit foar giet.
En de gouden tiden binne mooglik noch net foarby, want oankommend wykein driget stoarm Ellen oer ús hinne te kommen.