Aquazoo fiert jubileum mei in ferdûbeling fan it tal besikers

18 feb 2020 - 13:47

IIsbearen, luiaarden en in gruttere boarterstún: bistetún Aquazoo yn Ljouwert hat de ôfrûne fiif jier net stil sitten, en dat is beleanne troch de klanten. Se kamen massaal nei de wetterbisten, en soargen derfoar dat de besikersoantallen twa kear sa heech wurden binne as fiif jier lyn.

Ijsbeer yn AquaZoo - Foto: AquaZoo

It tal besikers fan AquaZoo gie yn fiif jier tiid fan 85.000 nei 150.000. Dat komt benammen troch de feroaringen op it park de ôfrûne tiid. De bisten krigen rommere ferbliuwen, it oanbod fan boartsjen is útwreide, der kamen 'adventure routes' by en de resepsje, winkel en hoareka waarden oanpakt.

De ôfrûne jierren hat it park der ûnder oare iisbearen, vicuña's pinguins, nijlkrokodillen, gondelieren en luiaards by krigen. Dêrneist is der 300.000 kilo bistefoer trochhinne gien.

Fallisemint

Fiif jier lyn makke it bedriuw in trochstart nei in fallisemint en krige it as ûnderdiel fan Libéma in nije kâns. De kommende fiif jier hopet manager Jeroen Loomeijer noch mear besikers te krijen en sjocht hy mooglikheden om it oanbod fan boartsjen foar de bern noch grutter te meitsjen. "Er zijn hier zoveel mogelijkheden. We staan wat ons betreft pas aan het begin."

(advertinsje)
(advertinsje)