De skrik sit der goed yn by Wetsus nei kompjûterhack

18 feb 2020 - 12:19

It is goed dat der yn de Twadde Keamer omtinken frege wurdt foar de digitale feiligens fan ûndersyksynstituten. Dat seit direkteur Johannes Boonstra fan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert, yn reaksje op Keamerfragen fan Dennis Wiersma en Aukje de Vries fan de VVD.

De Keamerleden wolle mear witte oer de hack, dy't de digitale systemen fan Wetsus mear as in wike platlei. Boonstra wol net foarútrinne op de beäntwurding fan de fragen, en wol ek neat kwyt oer it jildbedrach dat Wetsus úteinlik betelle hat oan de hacker. Mar it is goed dat de Keamer der oer praat, sa seit er.

Njonken it losjild, hat it bedriuw ek lêst hân fan produksjeskea. "Je hawwe net optimaal wurkje kinnen, mar lokkigernôch is dy skea wat ús oanbelanget beheind bleaun. Benammen om't wy hjir ûndersyk dogge nei wettertechnology, en al dy analyze-apparatuer hat eigen kompjûters." Gelok by in ûngelok dus, want hjirtroch binne dy kompjûters firusfrij bleaun.

Skrik sit der goed yn

De grutste argewaasje fan de hack wie op it kantoar, dêr't de kompjûters net mear brûkt wurde koene. Nei't Wetsus harren materiaal wer frij hie, kaam it wurk om in werhelling yn de takomst foar te kommen:"Wy hiene ús befeiliging goed op oarder, mar it kin altyd better en dêr binne wy no mei dwaande. De skrik sit der goed yn!"

It ûndersyk nei de mooglike dieder(s) rint noch, en Boonstra kin dêrom ek noch neat sizze oer eventuele fertochten.

Harkje nei in petear mei direkteur Boonstra

Wetsus yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
Trefwurden: 
Ljouwert Wetsus hack
(advertinsje)
(advertinsje)