Kollum: "Klaas Krinteboltsje en Bert Wyldbeffer"

18 feb 2020 - 08:20

"Seks, amateurfuotbal en drugslab. Dêr giet dizze kollum oer. Mei útsûndering fan seks, dêr moat Wânswert stean, mar dat lûkt krekt wat minder de oandacht. En foar amateurfuotbal moatte jim in lege pleats ynfolje.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

Wânswert, in lege pleats en in drugslab. Dêr giet dizze kollum oer. It nijs oer in drugslab yn Wânswert hie deselde impact op my as de fynst fan in libjende dodo yn Seisbierrum, it ôfskaffen fan parkearjild op snein yn Drachten en politike rêst op it Amelân: je leauwe it net.

Dochs waard ôfrûne wike yn in boerepleats yn Wânswert in aktyf drugslab oantroffen. Dêr waard nei alle gedachten crystal meth produsearre. De assosjaasje mei Breaking Bad tsjinnet him fuortendaliks oan. Watse Wobbes, natuer- en skiekunde learaar oan it Dockinga Kolleezje, dy't nei syn ûntslach mei it produsearjen en ferhanneljen fan crystal meth begjint. En dat de plysje it lab op it spoar komt troch in tip fan in doarpsbewenner, mei namme Klaas Krinteboltsje. Dy rûkte gauris, as er de hûn útliet, in geur fan anys by de pleats.

'Dêr kinne se my nachts foar wekker meitsje,' sei Krinteboltsje yn in reaksje. 'Ik bin sljocht op anysmolke. Dêrom gie ik altyd by dy lege pleats del mei de hûn. Omdat it dêr sa lekker rûkte. Mar doe sei Bert Wyldbeffer dat de lucht fan anys wiisde op it meitsjen fan drugs. Wyldbeffer wit in protte. Hy hat de kampanje fan Meld Misdaad Anoniem ek folge. Dêryn joegen se tips hoe'tst in drugslab werkenne kinst, en ien fan dy sinjalen is de lucht dy't frijkomt by it produsearjen fan dy rommel. Anys, dus. Wyldbeffer is in man mei in spesjale hobby, mar hy is net ferrotte, ús Bert.'

Behalve de produksje fan crystal meth binne yn Wânswert ek syntetyske harddrugs fûn, mei in strjitwearde fan sa'n fjouwer miljoen euro. Wy kinne fêststelle dat de produsinten fan drugs genôch VOC-mentaliteit hawwe. Nederlân is wat dat oangiet de foarrieskuorre fan Europa. It giet om in merk fan 19 miljard euro yn 't jier. Dat soks anneks is mei in almar hurdere kriminaliteit is ek dúdlik. Boargemasters en bestjoerders dy't ûnderdûke moatte fanwegen bedrigingen binne earder regel as útsûndering.

It hat derfan dat der in steat yn in steat ûntstiet. Sa't it der ek fan hat dat de polityk dêrmei oan is. Der is gjin helder belied as it oer softdrugs giet, noch oer harddrugs. Wyt en hasj meie ferkocht wurde, mar net by de shops oanlevere. Harddrugs produsearje en ferkeapje is ferbean, mar fan in strukturele oanpak dêrfan is gjin sprake. Der is bygelyks gjin kennis en kapasiteit beskikber om in lab as dat yn Wânswert in skoft te observearjen om de grutte fisken te fangen. En bliuwt Nederlân ôfhinklik fan minsken as Klaas Krinteboltsje en Bert Wyldbeffer, de nije eareboargers fan Wânswert, om de organisearre misdied sa no en dan in tebeksetter te jaan."

(advertinsje)
(advertinsje)