Toskedokter noch hieltyd frjemd foar in soad bern yn Ljouwert

18 feb 2020 - 06:59

It slagget noch hieltyd net om mear bern yn Ljouwert nei de toskedokter te krijen. Dat seit de stichting JTV Mondzorg, dy't fergees toskedokterswurk by bern docht.

Toskedokter - Foto: Shutterstock.com

JTV Mondzorg besiket aktyf bern nei de toskedoktersstoel te lokjen, mar krijt hjirby net in soad help fan skoallen en oare organisaasjes. Dêrtroch hat ien op de fiif Ljouwerter bern noch hieltyd net by in toskedokter west. "Het is een ingewikkeld vraagstuk, en het heeft misschien niet altijd de grootste prioriteit bij de politiek", seit direkteur Raoul Trentelman.

Neffens Trentelman is it gjin jildkwesje, om't de toskedokter foar jonge bern yn it basispakket fan de fersekering sit. Dêrnjonken wurde bern yn Ljouwert fergees helle en brocht, as dat nedich is.

JTV Mondzorg fynt it wichtich dat de bern nei de toskedokter gean, mar kin net ûneinich trochgean mei har fergeze wurk. "Wij hebben bij de gemeente aangegeven dat wij nu drie jaar hebben geïnvesteerd, en dat als er geen betere samenwerking komt, er een moment gaat komen dat wij het besluit moeten nemen om weg te gaan uit Leeuwarden."

Harkje nei in petear mei direkteur Trentelman

(advertinsje)
(advertinsje)