Yn maart mear dúdlikheid oer Alvestêdemusical De Tocht

Der komt ynkoarten mear dúdlikheid oer de musical oer de Alvestêdetocht. Op 4 maart is der in presintaasje oer de foarstelling mei de namme De Tocht.
© ANP
De foarstelling oer de Alvestêdetocht moat yn oktober 2021 yn premjêre gean. Spesjaal foar it spektakel wurdt der yn Ljouwert in nij teäter boud, mei in iisflier en plak foar 1500 besikers.
Produsint Madelene van Beuzekom wol mei de foarstelling de Alvestêdetocht behâlde foar it neiteam. De musical is skreaun troch Allard Blom en giet oer fiif freonen dy't mei-inoar ôfpraat hawwe de Tocht te riden, mocht dy der ea komme.
De lêste echte Alvestêdetocht waard riden yn 1997.