Farmers Defence Force wol eigen telefyzjestjoerder

De aksjegroep Farmers Defence Force wol in eigen telefyzjestjoerder begjinne. De boeren wolle op telefyzje útlis jaan oer hoe't se krekt wurkje, en hoe't se beheind wurde yn harren wurk.
© CAMJO media / Jaring Rispens
"De boeren binne al faak op de telefyzje, mar in stikje achtergrûnynformaasje wurdt faak benefterlitten", seit Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force. "Wêrom barre dingen sa't se barre? Wat foar ferplichtingen hawwe de boeren? Hokker boetes krije se as se har dêr net oan hâlde? We wolle gewoan dat minsken in better en breder byld krije."
Farmers Defence Force is in finansieringskampanje begûn om it jild foar in eigen stjoerder byinoar te krijen. Ferskate boere-organisaasjes protestearje woansdei ek wer tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. Der soene goed twahûndert trekkers út Fryslân wei nei Den Haag ta gean. Farmers Defence Force hat de boeren dêrby lykwols oproppen om net oer de sneldiken te riden.
Sieta van Keimpema oer de eigen TV-stjoerder