Ferfalske skilderijen Fryske keunstner oanbean: "Ik seach direkt dat ik dat net makke hie"

Foar keunstner Dinie Boogaart út Nyegea wie it in nuver gesicht: skilderijen mei har namme derûnder wiene te keap op feilingwebside Catawiki, mar sy hie se hielendal net makke. It die bliken dat it om ferfalskingen gie, yn deselde styl mar fan folle mindere kwaliteit. "Ik tocht: wat sille we no belibje? Doe ha ik it even goed besjoen en der stie de namme Boogaart op krabbele. Mar ik seach direkt dat ik dat net makke hie."
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
"It is net fernuverjend dat minsken tinke dat it fan my is. Mar ik skilderje yn flekken en dy moatte wol op it goede plak stean. Yn dy ferfalsking sjochst hiel dúdlik dat bepaalde foarmen net hielendal klopje. En ik brûk folle helderdere kleuren."
De persoan dy't se ferkocht, hie gjin idee dat er neppe Boogaarts hie. In oantal jierren lyn hie hy se kocht op in keunstmerk yn Gent. No hat er nei de kommoasje kontakt socht mei Boogaart om it ferhaal te kontrolearjen.
"It is sneu foar dy man. Hy woe it kwyt en wie yn de ferûnderstelling dat ik dat makke hie. Hy skrok him dea. Je kinne sa'n man neat ferwite, want hoe moat hy dat witte?" Wa't it skilderij wol makke hat, is ûndúdlik.
Dinie Boogaart fertelt oer de ferfalskingen
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
It steurt by Boogaart benammen dat har namme oan de skilderijen keppele wurdt. "Ik fyn it gjin probleem as minsken myn skilderijen foar it oefenjen ris neiskilderje. Dat is hartstikke moai. Mar se meitsje hjir wat dat op myn wurk liket, mei myn namme derûnder", seit Boogaart. "Dêr advertearje se mei. Dan is it plagiaat. Minsken meie sa'n skilderij bêst moai fine, mar net ûnder myn namme."
It bart de ôfrûne jierren wol faker dat se har eigen namme werom fynt op skilderijen dy't se net makke hat. En der binne mear skilders dy't der mei te krijen ha. "Mar de measten litte it derby. Ik ha gelokkich in man dy't it moai fynt om deryn te dûken." Ek makket se gebrûk fan de stichting Pictoright, dy't keunstners helpt mei plagiaatproblemen. "Hoe faker oft it foarkomt, hoe mear it my ek begjint te yrritearjen."