Stichting Afvaloven Nee wol sms-alert by steuringen REC

Stichting Afvaloven Nee wol dat der in sms-alert komt der steuring is by ôffaloven REC yn Harns. Dêr trunet de aksjegroep op oan fia in brief oan de gemeenteried en it kolleezje fan b&w. De stichting ergeret him deroan dat der noch hieltyd gjin inisjatyf naam is foar it sms-alert, wylst der wol grutte behoefte oan is by de ynwenners fan Harns en omkriten.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
By in gearkomste oer de ôffaloven koene oanwêzigen ideeën en winsken oandrage om foar te kommen dat minsken te let ynformearre wurde. Ynformaasje fia Twitter en de webside fan Omrin fûnen de oanwêzigen net foldwaande. "Een veel gehoorde wens was dat mensen over een calamiteit bij de REC geïnformeerd wilden worden via een sms-alert", skriuwt de Afvaloven Nee.
Begjin febrewaris wie der noch steuring by de REC. Dy waard feroarsake troch in lekkaazje yn de tsjettel. De ynstallaasje dy't it reekgas skjinmeitsje moast, wurke net mear. Dêrtroch wie der mear útstjit yn de loft.

Geunstige wyn

Hans Gillissen fan Afvaloven Nee: "Omrin meldde hierover zelf blij te zijn dat de wind gunstig stond; dat wil zeggen richting de Waddenzee. Het is natuurlijk absurd dat je op basis van een gunstige wind blij moet zijn dat inwoners van Harlingen geen grote hoeveelheden giftige stoffen over zich heen hebben gekregen." Neffens Gillissen befêstiget dy hâlding dat Omrin de sûnens fan boargers net wichtich fynt.

Advys foar folkssûnens

Dat der noch hieltyd gjin inisjatyf naam is foar in sms-alert, fynt de stichting tekenjend foar it gedrach fan de ôffalferwurker. Afvaloven Nee freget de Harnzer polityk dan ek mei klam om derfoar te soargjen dat boargers dochs fia in sms-alert ynformearre wurde oer de earnst en de gefaren fan in steuring, kalamiteit of ynsidint by de REC. " Tevens willen we dat dit vergezeld gaat van adviezen voor wat de volksgezondheid betreft."