Farmers Defence Force: net mei trekkers de dyk op

Farmers Defence Force wol dat der by de protesten woansdei net oer de sneldiken riden wurdt. Dat stiet yn in gedrachskoade dy't de aksjegroep ferspraat hat ûnder de achterban. Ek ropt Farmers Defence Force op om gjin trekkers op it Malieveld yn Den Haag del te setten.
Boereprotest op de A7 by De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De boeren protestearje woansdei op de Koekamp, in park neist it Malieveld, tsjin de stikstofplannen fan it kabinet. Harren trekkers moatte fan de gemeente parkearre wurde op de Bezuidenhoutsewei, de Benoordenhoutsewei en de Van Alkemadeloane.
As der dochs trekkers op it Malieveld of de Koekamp delsetten wurde, dan wurdt der hanthavene, seit de gemeente Den Haag. Ek mei der gjin optocht troch de stêd hâlden wurde, of mei trekkers oer de A12 riden wurde. "Je mag sowieso niet met een tractor op de snelweg", seit in wurdfierder fan de gemeente Den Haag.
De lêste trekker op it Malieveld © Omrop Fryslân, Alle Faber
Yn oktober lieden protesten mei trekkers ta gaos op de sneldiken. Ek wie der grutte skea oan it Malieveld. In protest fan bouwers rjochte likegoed skea oan. Steatsboskbehear, dat oer it fjild giet, seit bliid te wêzen dat de boeren net op it Malieveld demonstrearje sille.
De skea fan de foarige aksje is noch net hersteld en der is krekt nij gers ynsiedde. De skea fan de foarige protesten waard skatten op 27.000 euro. Agraryske bedriuwen droegen 9.000 euro by oan it herstel en holpen ek yn natuera, troch bygelyks te helpen by it ynsiedzjen.