D66 stelt Keamerfragen oer Fryslân as net-reinbôgeprovinsje

17 feb 2020 - 21:17

Keamerlid Vera Bergkamp (D66) hat minister Van Engelshoven fragen steld oer de reinbôgeprovinsjestatus fan Fryslân. In 'Reinbôgeprovinsje' is in provinsje dy't him ynset foar alle minsken mei in oare seksuele oriïntaasje, ûnder oare troch foarljochting en ûnderwiisprojekten. Fryslân is de iennichste provinsje fan Nederlân dy't noch gjin reinbôgeprovinsje is.

Foto: Shutterstock

Bergkamp stelt de fragen nei oanlieding fan útspraken fan presintator Sipke Jan Bousema oer it feit dat Fryslân dy status net hat. Earder sei Avine Fokkens, doe noch steatelid foar de VVD mar yntusken deputearre, dat Fryslân gjin reinbôgeprovinsje hoecht te wurden. Net omdat se tsjin it akseptearjen fan homo's is, mar benammen omdat se fynt dat Fryslân iepen stean moat foar alle minsken.

Fragen

Ien fan Bergkamp har fragen oan Van Engelshoven is oft se it iens is mei de útspraken fan Bousema. Ek wol se witte oft de minister harren miening dielt dat it tige wichtich is foar minsken út de LHBTI-mienskip dat sy ek stipe krije fan de provinsje om sichtber harsels wêze te kinnen. En is Van Engelshoven ree har yn te setten om fan Fryslân dochs noch in reinbôgeprovinsje te meitsjen?

Dêrneist freget se hokker ynfolling oare provinsjes jouwe oan it feit dat sy reinbôgeprovinsje binne en oft der gearwurking mooglik is tusken it Ryk en de reinbôgeprovinsjes.

Petysje

De Fryske steatefraksjes fan D66, GroenLinks, PvdA, D66, Partij voor de Dieren en SP hawwe in petysje opsetten om fan Fryslân in reinbôgeprovinsje te meitsjen. Se fine dat de oerheid sjen litte moat dat it akseptearjen en stypjen fan ferskillende identiteiten, en dus ek minderheden, kin en moat. Yntusken is de petysje sa'n 1.300 kear tekene.

(advertinsje)
(advertinsje)