Wurkgroep sjocht takomst foar Nij Ylostins yn Drylts

17 feb 2020 - 20:42

De wurkgroep Wonen in IJlst fynt dat wenfoarsjenning Nij Ylostins net sloop wurde moat. De wurkgroep hat ferskate oplossings betocht om it gebou bestean te litten en takomstbestindich te meitsjen.

Nij Ylostins, Drylts - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Nij Ylostins stiet faai omdat de eigener, wenningkorporaasje Elkien, net mear yn it ferâldere gebou ynvestearje wol. Elkien wol op it plak fan Nij Ylostins in nij kompleks mei senioarewenten bouwe yn oerlis mei de gemeente Súdwest-Fryslân, soarchynstelling Patyna en de bewenners. It plan wie om de bewenners ûnder te bringen yn in nij kompleks op deselde lokaasje. Dy sjogge dat lykwols net sitten.

Nij Ylostins is de iennige fan 64 tusken 1968 en 1980 realisearre eksperimintele wenprojekten dy't sloopt wurde sil. De gemeente kin de sloop foarkomme troch it pân in monumintestatus te jaan. Dêr sil om 24 febrewaris hinne in beslút oer naam wurde.

Takomstbestindich

De wurkgroep hat lykwols genôch ideeën foar it takomstbestindich meitsjen fan Nij Ylostins. "Wat wij voor elkaar proberen te krijgen, is dat het locaties worden waar mensen in IJlst van zeggen 'daar wil ik wonen!'" Seit Esther de Meijer fan de wurkgroep.

De groep stelt foar dat de wenten yn de fleugel oan de Stedsloanekant ynrjochte wurde foar de swiere soarch. Ljochtkoepels of in glêzen oerkaping soene de gongen in stik ljochter meitsje en sa komt der mear strielingswaarmte fan de sinne binnen. It platte dak soe folle wurde kinne mei sinnepanielen en sedum, in isolearjende fetplant.

Grand café

Ek sjocht de wurkgroep foar him dat apparteminten gearfoege wurde. In oare opsje soe wêze dat der in grand café yn it gebou komt, dat beheard wurdt troch de bewenners sels en dêr't se tegearre itensiede kinne. De binnentún kin dan aktyf ûnderdiel wurde fan dat grand café.

(advertinsje)
(advertinsje)