Keamerfragen VVD: hoefolle jild hat Wetsus oan hacker betelle?

Keamerleden Dennis Wiersma en Aukje de Vries (VVD) wolle fan minister Van Engelshoven (Underwiis, Kultuer en Wittenskip) witte hoefolle losjild it wettertechnolgy-ynstitút Wetsus betelle hat foar it ûntsleuteljen fan bestannen dy't troch ransomware fersleutele wiene. De kompjûtersystemen fan Wetsus yn Ljouwert waarden begjin febrewaris acht dagen gizele troch ien of meardere hackers.
Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Bysûnder is dat Wetsus iepen wie oer it feit dat se de folgjende dei al losjild betelle hawwe oan de hacker om de systemen wer beskikber te krijen. Dat soe goedkeaper west hawwe as it sels herstellen fan de systemen. In eksakt bedrach woe direkteur Johannes Boonstra net neame.
Keamerleden Wiersma en De Vries wolle no antwurd op de fraach hoefolle losjild der úteinlik betelle is oan de kriminelen, fan hokker jild dat betelle is en hoe't de minister de kar fan beteljen beoardielet. En komt it jild ek direkt út de subsydzje dy't it ynstitút krige hat?

Feiligenseasken

It twatal wol ek dúdlikheid oft der minimale cyberfeiligenseasken steld wurde by ûndersyksynstituten dy't finansiering fan de oerheid krije, en oft de minister oanlieding sjocht om dy tenei te stellen.
Dêrneist wolle se witte hoe't it ministearje Wetsus holpen hat by it ynsidint. Ek moat Van Engelshoven dúdlikheid jaan oft der oerienkomsten binne mei de hack by de universiteit fan Maastricht ein ôfrûne jier.

Businessmodel

"Deelt u de mening dat het betalen van criminelen alleen maar hun businessmodel van ransomeware steunt en dat overheidsgeld niet gebruikt moet worden om criminelen te financieren?", freegje Wiersma en De Vries ek yn de fragebrief. En hokker maatregels sil de minister nimme om te foarkommen dat sa'n hack faker bart?
Wiersma en de Vries hawwe yn totaal 16 fragen opsteld. Minister Van Engelshoven hat trije wiken om dy te beäntwurdzjen.