Plysje siket tsjûgen fan trije ynbraken yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert siket tsjûgen fan trije wenningynbraken yn de stêd. Dy barden op 15 jannewaris oan de Albert Schweitzerstrjitte en twa kear oan de Rollemastate.
© Plysje
De ynbraken barden allegear op 15 jannewaris, tusken tolve oere middeis en acht oere jûns. By alle trije wenningen waard in rút iepenbrutsen en waard de wenning trochsocht.
Tsjûgen kinne kontakt opnimme mei de plysje fia it telefoannûmer 0900-8844.